Maarten huldige yn Waspik, opbringst Swimalvestêdetocht goed 6,1 miljoen euro

28 jun 2019 - 19:50

Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden hat dit jier 6,1 miljoen euro ophelle foar ûndersyk nei kanker. It eksakte bedrach fan 6.125.967,25 euro waard bekend makke by syn huldiging, freedtejûn yn syn wenplak Waspik.

Sjoch hjirboppe nei in kompilaasje fan de huldiging fan Maarten van der Weiden, makke troch Omroep Brabant.

Van der Weijden sette ferline wike freed útein mei syn tocht lâns de Fryske alve stêden. Nei hast 200 kilometer folbrocht er de tocht moandeitejûn. Koart nei syn oankomst op de Grutte Wielen yn Ljouwert waard al bekend makke dat der hast 4 miljoen euro ophelle wie en tiisdei stie de teller noch op goed 5,1 miljoen euro. Dêr is no dus noch in miljoen bykommen. Minsken kinne trouwens noch altyd donearje fia de webside fan de Maarten van der Weijden Foundation.

Jild foar boarstkankersintrum Ljouwert

Foar de ûndersiken nei kanker wie 5,7 miljoen euro nedich. Der bliuwt dus noch jild oer en dêrfan giet 109.000 euro nei it boarstkankersintrum yn Ljouwert. Maarten sil dêr yn gearwurking mei de Roparun it ynterieur oanpakke. Al it restearjende jild giet nei bernekankerûndersiken en -projekten, sa fertelde Van der Weijden by syn huldiging. Dit goede doel hat er mei al syn meiswimmers útkeazen.

Foto: ANP

Ferline jier goed 5 miljoen

Ferline jier besocht Van der Weijden de tocht ek te folbringen. Dat slagge doe net. Doe't er útstapte, stie de teller op in bedrach fan 2,5 miljoen euro. It waard úteinlik 5 miljoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)