Definityf beslút oer takomst Caparis: fjouwer gemeenten bliuwe eigener

28 jun 2019 - 19:05

Fjouwer Fryske gemeenten bliuwe eigener fan wurkfoarsjenningsorganisaasje Caparis. Dat binne Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân en Opsterlân. Fjouwer oare Fryske gemeenten - Weststellingwerf, Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen - sizze harren oandielhâlderskip op. Se bliuwe wol saken dwaan mei Caparis. Dat is de útkomst fan de oandielhâldersgearkomste fan freed.

Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wurdfierder Friso Douwstra, wethâlder fan de gemeente Ljouwert, seit dat der mei it beslút no wissichheid is oer de takomst fan de meiwurkers fan Caparis. Sy kinne harren baan hâlde. Der wie de ôfrûne jierren in soad ûnrêst by Caparis. Dat hie te krijen mei de yn 2015 ynfierde Participatiewet. Dy hat gefolgen foar minsken dy't it sûnder help net rêde op de arbeidsmerk. Tagelyk ferdwûn ek de Wet Sociale Werkvoorziening, wêrtroch't de posysje fan Caparis ûnwis waard.

Nei de simmerfakânsje sille de acht gemeenterieden in definityf beslút nimme oer harren rol by Caparis.

Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert oer Caparis

(Advertinsje)
(Advertinsje)