UPDATE: Stasjonsbrêge Frjentsjer wol wer ticht, steuring ferholpen

28 jun 2019 - 21:14

Sawol auto- as skipferkear kin wer by de stasjonsbrêge fan Frjentsjer del. Fanwege in steuring bleau de brêge oer it Van Harinxmakanaal om kertier oer fjouweren hinne by it tichtgean 5 oant 10 sintimeter boppe de grûn hingjen. In monteur fan de Provinsje hat de steuring ferholpen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De steuring wie om 20.30 hinne oplost, sadat de brêge wer betsjinne wurde koe. De brêge is no wer folslein yn bedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)