Rapper YannO út Ljouwert oan de foarjûn fan ynternasjonale trochbraak

28 jun 2019 - 17:57

Hy waard yn ien klap bekend yn de Nederlânske hiphopwrâld. Ljouwerter rapper YannO (33) die mei oan in talinteshow fan radiostasjon FunX. Yn de earste ronde liet hy it nûmer Ferrari heare en sûnt dy tiid wol elkenien witte wa't dizze man dochs is.

YannO rapt yn it Frânsk, wat syn muzyk ek gelyk ynternasjonale alluere jout. Troch guon harkers waard de fergeliking al makke mei de grutte Frânske rapper Maître Gims.

It nûmer Ferrari, dêr't YannO de FunX Talent: Summer Vibes mei begûn, makke er mei Snitser producer Puri. It is op Spotify no al mear as 750.000 kear streamd en it optreden by it radiostasjon is op YouTube hast 150.000 kear besjoen. Ek yn de rondes dêrnei wist YannO te ymponearjen, wêrtroch't hy ôfrûne snein de beker mei nei hûs nimme mocht.

Dochs is YannO al folle langer dwaande mei muzyk. "Op mijn YouTube-kanaal had ik nog nummers uit 2011 staan. Die heb ik nu maar even op privé gezet", sa fertelt er. In echte trochbraak hat er lykwols nea meimakke yn dy tiid. "Muziek was een tijdje bijzaak geworden. Maar mijn vrienden bleven me pushen dat ik meer muziek moest gaan maken. Toen ik een jaar geleden een EP uitbracht met de Friese producers Jack&Lewis, ben ik het weer serieuzer op gaan pakken."

It nûmer Ferrari wie al klear doe't der kontakt mei YannO opnommen waard troch FunX. "Ik wilde er eerst niks van weten. Een talentenshow is niks voor mij. Maar na met ze gebeld te hebben, was ik toch overtuigd." En dat hat dus goed útpakt.

Rapper YannO by Noardewyn - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

No wit elkenien yn ien klap wa't de Ljouwerter rapper is. "Ik kreeg tijdens mijn eerste optreden zo'n vijftig berichten op Instagram. Dat was al veel, maar toen het optreden daarna op YouTube kwam was het niet meer bij te houden."

Alle dagen kriget er hûnderten berjochten fan fans, mar ek fan grutte nammen út de hiphopwrâld dy't mei him gearwurkje wolle. YannO kin der op it stuit lykwols net folle oer sizze: "Als ik nu teveel zeg, kan ik sommigen misschien teleurstellen. Maar er zijn veel gesprekken met serieuze partijen." By de fraach oft dat ynternasjonale partijen binne, laket er: "Ja, dat is ook zeker internationaal."

Viral fideo

Dochs is it goed mooglik dat it Fryske publyk him al folle langer ken. Hy is nammentlik de haadrolspiler yn de viral fideo oer in jonge dy't syn broerke ôfset yn Antwerpen. "Dat was een mooi verhaal! Ik was met mijn broertje in Parijs en op de terugweg zou ik hem afzetten in Antwerpen. Daar studeerde hij destijds. Ik wilde een filmpje maken voor mijn familie, dat ik hem daar veilig had gebracht. Toen begon hij ineens Fries te praten. Ik begon gewoon te filmen en vertelde dat. Daarna heb ik hem ook echt afgezet en ben zelf doorgereden naar Leeuwarden. Een paar dagen later zette ik het op Facebook en toen ging het ineens heel hard!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)