Frou yn ferwachting rekket ferwûne by botsing yn Boarnburgum

28 jun 2019 - 17:26

In frou yn ferwachting is freedtemiddei ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de Titelroas yn Boarnburgum. Twa auto's kamen troch noch ûnbekende oarsaak mei inoar yn botsing.

Foto: De Vries Media

Beide auto's rekken skansearre en der waard ek in ferkearsboerd oanriden. De swiere frou rekke ferwûne troch de oanriding en moast op it plak sels kontrolearre wurde en is foar fierder ûndersyk meinaam nei it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)