Drugslab oprôle yn Jannum, 37-jierrige man oanhâlden

28 jun 2019 - 17:00

De plysje hat freedtemoarn in 37-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân oanholden. Dat barde by it oprôljen fan in drugslab yn Jannum, tusken Burdaard en Dokkum.

Foto: Politie Noardeast-Fryslân

It drugslab wie net aktyf, mar waard nei alle gedachten earder wol brûkt foar de produksje fan syntetyske drugs. De plysje hat by it lab ek fiiftûzen liter drugsôffal oantroffen.

Grutte himpkwekerij

Begjin april waard yn Jannum ek al in grutte himpkwekerij oprôle. Dêr stiene doe 1.200 planten en der waard in 28-jierrige man út It Hearrenfean oanholden. Neffens de plysje is der lykwols gjin ferbân tusken de beide saken.

Trefwurden: 
plysje drugslab Jannum
(Advertinsje)
(Advertinsje)