FIDEO: See-earnejong oanfallen troch hauk yn De Alde Feanen

28 jun 2019 - 16:46

Spektakulêre bylden fan It Fryske Gea fanút natuergebiet De Alde Feanen by Earnewâld. Sûnt in pear jier briedt dêr in bysûnder stel: in pearke see-earnen. De ôfrûne jierren wiene der al ferskate jonge see-earnen yn it gebiet, mar ek dit jier sit der wer in jonge fûgel op it nêst. De jonge see-earn moat bytiden wol fan him ôf bite, want hy wurdt sa no en dan oanfallen troch oare fûgels. Sa ek op dizze bylden, dêr't er in hauk fan him ôfslaan moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)