De organisaasje fan SC Cambuur moat ynkrimpe

28 jun 2019 - 16:31

SC Cambuur moat mei in lytsere organisaasje wurkje. Ferline jier is de organisaasje ek al wat ynkrompen. Neffens algemien direkteur Ard de Graaf is it needsaaklik, om't de ynkomsten fan de klup de lêste jierren weromrinne.

Foto: Omrop Fryslân

Der moat op dit stuit sa'n twa fte besparre wurde, sa'n fyftjin persint. Ien fte stiet lyk oan ien folsleine wurkwike. Fte stiet foar 'fulltime-equivalent' en is in rekkenienheid om de omfang fan in baan út te drukken.

Ynkomsten fan telefyzje

De daling fan de ynkomsten hat te krijen mei de prestaasjes fan Cambuur. Trochdat de Ljouwerters no alwer trije seizoenen yn de earste difyzje spile hawwe, komt der minder jild binnen út de telefyzje-ynkomsten. As in klup degradearret, krijt de klup noch trije jier ekstra telefyzjejild. Dat is om foar te kommen dat klups yn finansjele problemen reitsje, as se ynienen bot weromfalle kwa telefyzjejild nei in degradaasje.

Cambuur degradearre yn 2016 út de earedifyzje en dat betsjut dat it ekstra telefyzjejild dat de klup de lêste jierren krige, no ophâldt. Dat hâldt yn dat de klup mei in lytsere organisaasje wurkje moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)