Diere-asyl en -ambulânse De Wissel wol wakker útwreidzje yn Ljouwert

28 jun 2019 - 16:10

Diere-asyl De Wissel yn Ljouwert hat plannen om út te wreidzjen oan 't Kalverdijkje. Yn it pân sit net allinne it asyl. Dêr sit ek de diere-ambulânse, dy't neffens Stichting Dierenopvang de Wissel út 'e foegen barst. Dêrnjonken moatte de hjoeddeiske hûnekennels oanpast wurde sa't hûnen minder prikkels en mear útdaging krije.

Diere-asyl De Wissel yn 2017 - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De diere-ambulânse moat in romte krije mei ein eigen ûntfangst. Fierder wol de stichting duorsum wurde en meidwaan yn de enerzjytransysje. Om de ferbouwing te beteljen, besiket De Wissel ûnder oare jild byinoar te krijen mei in kollekte yn de earste wike fan july.

Yn 2018 binne der mar leafst 830 bisten by it asyl brocht en is de diere-ambulânse 2.930 kear útriden om sike, ferwûne of deade bisten te ferfieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)