Gemyske reaksje soarget foar gefaar yn hotelswimbad op It Amelân

De brânwacht moast freedtemiddei yn aksje komme by it Fletcher Hotel op It Amelân. By it swimbad yn it hotel kamen twa gemyske stoffen mei-inoar yn oanrekking en dat smiet in gefaarlike reaksje op. It personiel fan it hotel yn Hollum sloech fuortendaliks alarm.
Brânwachtauto © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De brânwacht hie de situaasje gau ûnder kontrôle en der binne gjin slachtoffers fallen. It swimbad is fentilearre en it fet mei de gemyske stof wurdt ôffierd troch de brânwacht.