Wurkstraf foar mishanneljen hoteleigeneres Skiermûntseach

28 jun 2019 - 15:27

In ynwenner fan Lauwerseach hat in wurkstraf fan 50 oeren krigen omdat hy ein maart de eigeneres fan hotel Van der Werff op Skiermûntseach mishannele hat. De man hie in soad dronken en woe útnaaie mei in terrastafel fan it hotel. Doe't de eigeneres him dêr op oanspruts, pakte hy har by it hier en sleepte hy har in stik oer de grûn. Omstanners hellen de twa út inoar.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Fjouwer oeren nei't de man oppakt waard, blaasde hy noch in alkoholpromillaazje fan 1,61. Hy sei dat hy net mear dronken hie dan dat goed foar him wie. "Dat is een understatement," sei de rjochter.

Foar it slachtoffer wie it in traumatysk barren, sei har advokaat op de sitting. De frou hat deabang west en fielt har net feilich mear. Sy wie ek net by de sitting om't se net mei de fertochte konfrontearre wurde woe. De frou krijt 400 euro smertejild en 50 euro foar de stikkene tafel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)