Noppert mei oertsjûging nei twadde dei Czech Darts Open

28 jun 2019 - 15:08

Darter Danny Noppert hat freedtemiddei mei oertsjûging de twadde ronde berikt fan it Czech Darts Open yn Praach. Yn syn earste wedstriid wûn de Jouster mei 6-2 fan qualifier Stefan Bellmont.

Foto: Orange Pictures

It wie in galafoarstelling foar Noppert op it Tsjechyske poadium. De 28-jierrige darter smiet finishes fan 170 en 148 en pakte úteinlik de winst mei in gemiddelde fan 99.53 punten.

Twadde ronde

Sneontemiddei ferfolget Danny Noppert syn toernoai yn Praach. Dan komt er yn de twadde wedstriid fan de middeissesje út tsjin Darren Webster, de nûmer fyftjin fan 'e wrâld.

It Czech Darts Open is ien fan de toernoaien fan de European Tour fan de PDC. De resultaten op dizze European Tours telle mei foar pleatsing foar it EK, dat fan 24 oant 'e mei 27 oktober yn it Dútske Göttingen plak fynt.

(advertinsje)
(advertinsje)