Sintrum foar minsken dy't libje mei kanker komt ek yn Drachten

De Skulp, it sintrum foar minsken dy't libje mei kanker, krijt nei de simmer ek in lokaasje yn Drachten. Boppedat wurdt der in nije foarsitter socht. De hjoeddeiske foarsitter Irona Groeneveld is wethâlder yn gemeente De Fryske Marren wurden en kin dat amt net kombinearje mei it foarsitterskip fan it sintrum.
De Skulp Sintrum foar minsken dy't libje mei kanker ek yn Drachten
De Skulp is yn 2015 ûntstien. Groeneveld waard troch in bekende frege om foarsitter te wurden en dat seach se fuort sitten. Yn 2016 is De Skulp iepengien op It Hearrenfean. Earst tsjin sikehûs Tjongerskâns oer en no sit it oan de K.R. Poststrjitte.
Mei yngong fan septimber iepenet De Skulp ek in lokaasje yn Drachten. Troch de grutte belangstelling wurdt dêr twa kear yn 'e moanne in ynringearkomste hâlden.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Alle jierren krije sa'n 4.500 ynwenners fan Fryslân te hearren dat se kanker hawwe. Dy komme fansels earst yn it sikehûs terjochte foar in medyske behanneling. Gelokkich oerlibje hieltyd mear minsken de sykte. Mar dan is it faak wol lestich om de tried wer op te pakken as de behanneling achter de rêch is.
Ek as genêzing net mear mooglik is, wolle minsken stilstean by it ôfskied en de lêste faze. De Skulp biedt op de ynrinmoarn in plak foar dizze minsken, om te praten oer wat se meimeitsje of meimakke ha. Mar ek partners, bern, freonen, mantelsoargers en neibesteanden binne wolkom.

Gastfroulju nedich

De Skulp wurket mei saneamde gastfroulju. Dy ha in oplieding fan in oantal dagen nedich, om goed om te gean mei alles wat der spilet op de ynrinmoetingen. Mei de komst fan de lokaasje yn Drachten binne der ek nije gastfroulju nedich. De oplieding duorret sa'n trije dagen.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld socht foarsitter Irona Groeneveld op by ien fan har lêste ynrinkafees