Freedsmerk: "As ik sa'n ien ûnder de auto krij, bin ik it bokje!"

28 jun 2019 - 14:59

"As ik in appende fytser ûnder de auto krij, bin ik it bokje!", dat wie ien fan de opmerkingen dy't op de freedsmerk makke wurde oer it app-ferbod foar fytsers dat moandei yngiet. It wie al faker oankudige, mar op 1 july giet it ferbod echt yn. Oertrêders kinne dan in boete fan 95 euro ferwachtsje.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It giet net allinnich oer telefoans. Fan alle elektroanyske mobile apparaten, dus ek tablets, muzykspilers en kameras, is it foar fytsers ferbean se yn 'e hân te hawwen as se fytse.

"In goeie saak! Dy bern sjogge net út en dogge mar wat. Grutte koptelefoanen oer de earen en mar op de telefoan sjen, libbensgefaarlik!", seit in keapman. Hy erkent dat de ferlieding wol grut is, ek yn 'e auto. "Myn dochters hawwe no in programma op 'e telefoan setten sa't ik 'm net brûke kin as it ryd. Lekker rêstich en wol sa feilich! Ik haw ferstannige dochters, soms..."

De Freedsmerk oer appe op 'e fyts

(Advertinsje)
(Advertinsje)