Misthoarn op Harnzer Suderpier sil definityf net mear te hearren wêze

28 jun 2019 - 14:26

Net elkenien wie like entûsjast oer de Harnzer misthoarn en guon minsken wiene miskien wol bliid dat er fuort wie. De VVD, it CDA,Harlinger Belang, PvdA en D66 tsjinnen lykwols in moasje yn om de misthoarn wer werom te krijen op de Suderpier. Mar no is definityf dat it apparaat net werom komt. Reden is dat it tefolle jild kostje soe.

Foto: Johan Balt

De oarspronklike misthoarn wurket noch altyd en leit yn in opslach fan Rykswettersteat. Ut technysk ûndersyk docht lykwols bliken dat der fan de oarspronklike betsjinningsynstallaasje gjin brûkbere ûnderdielen mear binne.

Bestjoeringskabel

Benammen de oanlis fan in bestjoeringskabel, oer in lingte fan 1.300 meter troch de Suderpier, soe fiersten te djoer wêze. De oanlis fan de kabel allinnich soe delkomme op 130.000 euro. Dêr komme de kosten fan de hoarn (2.600 euro) en alle oare apparatuer ek noch by.

"Samen met de Initiatiefgroep Misthoorn Harlingen is het College tot de conclusie gekomen dat terugkeer van de Harlinger misthoorn om financiële redenen niet mogelijk is", meldt it kolleezje fan B&W yn in riedsynformaasjebrief.

Trefwurden: 
Harns Misthoarn Suderpier
(Advertinsje)
(Advertinsje)