FNP wol dat jild foar renovaasje Jouster Toer der gau komt

28 jun 2019 - 14:27

De situaasje mei de Jouster Toer kin sa net langer. Opposysjepartijen FNP en ChristenUnie yn gemeente De Fryske Marren hawwe dêrom fragen steld oer hoe't it no fierder moat mei de toer. De Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten luts tongersdei oan de bel oer de slim fertutearze spits fan de toer, dy't der yn novimber ôfhelle waard.

De Jouster Toer noch hieltyd yn 'e stegers - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De spits leit sûnt dy tiid yn stikjes yn in loads yn Snits. Neffens Stichting Behoud Rijksmonumenten wie de situaasje al jierrenlang libbensgefaarlik. Mar it kolleezje fynt fan net.

"Der hiene wol deaden falle kind", sei oannimmer Hugo Landman tongersdei. Ferantwurdlik wethâlder Roel de Jong reagearre tongersdei ek op de kwestje. Hy fûn dat de oannimmer oerdreau. De Jong wie it der lykwols wol mei iens dat der wat barre moast.

FNP

Jan Volbeda, FNP-fraksjefoarsitter yn De Fryske Marren, is wat tebekhâldender yn it jaan fan syn fyzje op de saak. "Ik kin as riedslid net beoardielje oft der sprake wie fan in libbensgefaarlike situaasje. Ik moat ôfgean op de lûden fan saakkundigen en de oannimmer", seit Volbeda.

"Ik tink dat de wethâlder him ek basearret op ynspeksjes fan monumintesoarch út it ferline. De ynspeksjes dy't koartlyn dien binne, dy jouwe in soarchlike situaasje oan. Dat it soarchlik is en dat der wat barre moat, dat fine wy wol."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Dochs is it nuver: in saakkundige seit dat de spits yn strieminne steat wie, mar in wethâlder giet dêr dwers tsjinyn. Dat de spits al dy tiid gewoan op de toer stean bleau, is skokkend. "It hat net sa'n soad doel om te filosofearjen oer 'as-dan'. Ik tink dat it wichtich is om no foarút te sjen. Hoe losse we de ûntstiene problematyk op?"

Neffens Volbeda moat der jild op tafel komme. "Tegearre mei de ChristenUnie hat de FNP fragen steld. We binne noch net hielendal gerêst op wat dêr útkomt, mar wy fine dat dit byldbepalend monumint sa gau mooglik wer yn oarder makke wurde moat."

Kreatyf en konstruktyf

De Stichting Behoud Rijksmonumenten hat de toer 2,5 jier lyn oernaam fan de gemeente. De stichting fynt dat de gemeente de ferantwurdlikheid nimme moat foar de folsleine kosten fan renovaasje: 285.000 euro. Sy hawwe de toer, as ferkeapjende partij, nammentlik mei gebrekken oerdien oan de stichting.

FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda

De FNP hat dêr noch gjin útspraken oer dien. "Ik wit dat de BMR altyd goed yn petear west hat mei de gemeente. Ik fyn no dat se tegearre kreatyf én konstruktyf omgean moatte mei dit probleem. It jild sil der wol komme, mar se moatte no wol grien ljocht jaan foar de restauraasje", seit Volbeda.

Hy fynt dat de gemeente no garânsje jaan moat dat it goed komt. "Ik sis: kom der letter út en jou no opdracht om dit byldbepalende monumint wer klear te krijen." Volbeda seit hjiryn te sprekken as fraksjefoarsitter fan de FNP, net foar de ChristenUnie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)