Wenten enerzjyneutraal foar 2050: mar hoe pakt in partikulier soks oan?

It kabinet makket freed it klimaatakkoart bekend. Ien fan de opjeften is dat wenten foar 2050 enerzjyneutraal wurde moatte. Hoe moatte partikulieren dat no krekt oanpakke? "Ik tink dat de oerheid dat ek noch net wit," seit Evert Jan Hoen. Hy is enerzjy-coach yn Ljouwert en ferbout wenten. "Hokker rjochting wy út moatte is noch ûndúdlik."
Wenten enerzjyneutraal foar 2050
Neffens Hoen is der noch in soad út te sykjen. "De oerheid soe helpe kinne troch foarrinners sa folle as mooglik te stypjen. Der is gjin subsydzje mear foar isolaasje, miskien fertsjinje minsken dat ek wol wer sa gau werom dat soks net hoecht."
Hoen: "Mar der binne ek wer frjemde dingen dêr't minsken subsydzje op krije, lykas in ynstallaasje foar in palletkachel, dy't folle útstjit. Mar ast in gasmjitter út 'e hûs wolst, moat it 700 euro kostje. It wichtichst is dêrom: dúdlikens."
© ANP
Partikulieren soene neffens Hoen begjinne moatte mei isolaasje. "Dat is it earste ferhaal: soargje dat der sa min mooglik enerzjy ferlern giet. As dat ienkear klear is, dan moatst pas neitinke oer it ferwaarmjen."
Hoen hat sels in hûs oan de Emmakade út 1908. "Enerzjyneutraal yn in hûs as dizze is hiel dreech, mar fan it gas ôf is dat ek al. Op wat foar systeem moatst ynsette? Komt der in waarmtepomp, bliuwt it gas trochgean of komt der in alternatyf as waarmte, wetterstof of biogas? Hjir yn de wyk is in kollektyf, dat is moai. As ienling kinst hast neat."

Enerzjyearm

Robin Vrieler fan Ljouwert is al jierren dwaande mei it enerzjyearm meitsjen fan syn arbeidershûs út 1915. Hy is fan it gas ôf en hat ûnder oare sinnepanielen, in pelletkachel, in ynfrareadpaniel, in sinneboiler en termostaatkranen op de ferwaarmingseleminten. Ek hy wiist op it belang fan isolaasje. Dêr begjint alles mei. Fierders te âlde apparaten de doar út dwaan sa as in kuolkast of ferwaarmingstsjettel, en LED lampen brûke.
Robin Vrieler © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Vrieler ûnderskriuwt dat it bêst dreech is om fan it gas ôf te gean. Foar in partikulier is it dreech om út te meitsjen wat it bêste is, want it kostet in soad jild. Neffens him soe de oerheid mear oan foarljochting dwaan moatte om de boargers te helpen. Ek moat de saneamde 'salderingsregeling' bliuwe. Dat betsjut dat minsken de opbringst fan de enerzjy dy't se mei harren sinnepanielen leverje yn 'e simmer, ôflûke kinne fan it bedrach dat se winters oan elektrysk brûke.
De Ljouwerter hat no in enerzjyrekken fan 50 euro de moanne en dêr is hy tefreden mei. Hy soe wol mear dwaan wolle, mar foar syn hûs is mear as de 21.000 euro dy't hy no al ynvestearre hat, net rendabel.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Evert Jan Hoen fan Ljouwert