Is Molkwar takom jier it strân kwyt oan De Iselmar?

It strân fan Molkwar ferdwynt yn rap tempo troch feroaringen yn de streamingen fan de Iselmar. "Ea wie it strân goed tritich meter by de pier del omheech en it strekte út ta in meter as fyftich," fertelt Johannes de Vlugt fan kamping 't Séleantsje. Hjoed-de-dei is der noch mar sa'n acht oan 10 meter oer. "As it mei dit tempo trochset, is der takom jier neat mear oer. Dan is der gjin strân mear yn Molkwar."
Is Molkwar takom jier it strân kwyt oan De Iselmar?
Neffens De Vlugt komt de ôfslach fan it strân troch feroaringen yn de natuer. "De feroaringen fan de streaming fan de Iselmar en de wyn yn 'e winter soargje dat der strân by komt of ôf giet. De lêste 30-40 jier is it allinne mar ôfnaam, dat is dochs de ynfloed fan it waar."
It soe te krijen hawwe mei it oanlizzende natuergebiet De Bocht fan Molkwar. "Doe't it natuergebiet kaam is, is it wetter ûndjipper wurden, de golven minder en kaam der minder oanwaaks fan sân."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It hat gefolgen foar besikers fan it strân. "Tweintich jier lyn wiene hjir folle mear bern, mar is is no in stik ûnfeiliger wurden om't bern no fia de basaltstiennen nei ûnderen moatte. En hoe faak minsken wol net by my komme foar pleisters of iisblokjes. It is fierstente glêd," jout De Vlugt oan.
Neffens de kampingeigener is it strân wol wichtich. "It is foar de hiele omjouwing wichtich, om't Molkwar en Koudum tichtby lizze en sels minsken út Warns kamen hjir swimmen. En ek foar de kamping is it wichtich."
© Google Maps
Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei Johannes de Vlugt fan kamping 't Séleantsje