Nijbou foar Noard-Skoatterwâld bekend: 60 wenten yn it plan 'De Treffe'

28 jun 2019 - 11:49

Yn it noardlike part fan de wyk Skoatterwâld boppe It Hearrenfean komme 60 nije wenten, oan it wetter en yn in griene omjouwing. It plan hjit 'De Treffe' (De Eilanden). Dat der nijbou komme moast, wie al bekend. Mar de gemeente hie in priisfraach útskreaun en de kombinaasje fan ûntwikkeler Slokker Vastgoed út Zwolle mei Bouwbedrijf Lont út Sint-Anne hat it winnende plan ûntwurpen. Bysûnder is dat bewenners fan de wyk tegearre mei de gemeente stimme mochten oer it plan.

Sa moat De Treffe yn Noard-Skoatterwâld boppe It Hearrenfean derút komme te sjen - Foto: Gemeente Heerenveen

Der wiene fjouwer ûntwikkelers dy't in plan ynstjoerden foar de priisfraach dy't de gemeente It Hearrenfean yn 'e maitiid útskreaun hat. Bewenners fan Skoatterwâld en it oanlizzende It Mar mochten foar fyftich persint de kar bepale. "Het is fantastisch om de betrokkenheid van onze inwoners te zien, maar liefst 170 mensen hebben hun stem uitgebracht op de ingediende plannen," seit wethâlder Jaap van Veen.

Wenten foar ferskate doelgroepen

De nije wenten wurde boud troch Lont en moatte foar ferskate doelgroepen wêze, foar húshâldingen mar ek foar senioaren. Sa komme der mooglikheden om ûnder te sliepen. It plan is makke binnen in konsept dêr't moeting, ûntspanning en beweging foar minsken sintraal steane. Sa komme der rin- en fiskstalten, in traapfjildsje, in natuerlike boarterstún en in saneamde buertskuorre.

De kommende moannen wurdt it plan noch fierder útwurke. Nei alle gedachten sil it noch goed oardel jier duorje foar de bou úteinset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)