Straf foar dieder stekpartij It Hearrenfean twa kear sa heech yn heger berop

28 jun 2019 - 11:40

De 32-jierrige Drachtster dy't op 15 augustus 2017 de 60-jierrige Harm Veenema fan It Hearrenfean yn syn wenning deastuts, is ôfrûne tongersdei troch it gerjochtshôf feroardiele ta acht jier sel plus tbs mei twangferpleging. De finzenisstraf is yn heger berop twa kear heger as it fonnis fan de Ljouwerter rjochtbank.

Foto: CAMJO Media/Jaring Rispens

De Drachtster krige op 8 maaie fan foarich jier fjouwer jier sel plus tbs. De offisier fan justysje hat lykwols acht jier en tbs easke. It Iepenbier Ministearje (IM) tekene heger berop oan tsjin de útspraak fan de rjochtbank. De neibesteanden en it IM fûnen de troch de rjochtbank opleine straf net heech genôch.

De rjochtbank hold, mear as it IM, rekken mei de drege jeugd fan de Drachtster en it feit dat hy lêst hat fan psychyske problemen. De man waard stjoerd troch twanggedachten. Sels hie er it oer in 'demon'.

Dy demon soe him de opdracht jûn hawwe om in froulike kollega, de styfdochter fan it slachtoffer op te marteljen en te ferkrêftsjen. De Drachtster waard yn 'e hûs litten troch de 29-jierrige soan fan Harm Veenema. De soan krige in klap op 'e achterholle mei in hammer en waard yn syn skonk stutsen.

Fermindere tarekkenber

It slachtoffer kaam ôf op tumult en waard doe twa kear yn it boarst stutsen. Dy ferwûnings wiene fataal. De Drachtster is fermindere tarekkenber, mar it hôf oardiele dat it barren him yn elts gefal foar in part oanrekkene wurde kin. Hy moat de neibesteanden goed 120.000 euro oan skeafergoedings betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)