Kultuerfûns Fryslân stipet 47 kultuer- en natuerprojekten

28 jun 2019 - 11:04

Ferskate kultuer- en natuerprojekten yn Fryslân krije in bydrage fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. Yn totaal giet it om 111.750 euro en 47 projekten. De Stichting Hidde Nijland krijt it grutste bedrach, nammentlik 10.000 euro, foar it ferbouwen en it opnij ynrjochtsjen fan Museum Hindeloopen.

Museum Hindeloopen - Foto: Google Street View

It museum fan Hylpen toant neffens it fûns it Hylper kulturele erfgoed en fertelt it ferhaal fan de eartiidske wolstân fan it havenstedsje. De bydrage foar Museum Hindeloopen is ôfkomstich fan it fûns op namme Steunfonds Stavoren. It fûns stipet kulturele aktiviteiten yn Súdwest-Fryslân.

Us Heit

De Ljouwerter Stichting Nassau en Friesland krijt 5.000 euro foar aktiviteiten oer steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg, ek wol 'Us Heit' neamd. Yn juny 2020 is it 400 jier lyn dat hy ferstoar. De aktiviteiten dy't de stichting organisearret, bestean út eksposysjes, in sympoasium, in strip en in edukaasjeprojekt.

It byld fan Us Heit yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Der is ek 2.500 euro takend oan de Stichting Gondelvaart Op Wielen foar de 50e gondelfeart yn Droegeham. Sûnt 2016 stiet de gondelfeart op 'e list fan Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.

De folsleine list fan Fryske projekten dy't stipe wurde, is hjir te finen. It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân kent twa kear yn it jier jild ta oan kultuer-. natuer- en wittenskipsprojekten yn Nederlân en dêrbûten.

Fûns op namme

Minsken dy't in projekt yn Fryslân stypje wolle, kinne fia de stichting in fûns op namme ynstelle of bydrage oan in besteand fûns. Foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân is kommissaris fan de Kening Arno Brok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)