Goed 60 fersierde weinen op 1.000 ynwenners: hoe spilet Eanjum dat klear?

28 jun 2019 - 10:57

In doarpsfeest mei fersierde weinen is net perfoarst nijs. Mar in optocht mei in lytse 60 fersierde weinen yn in doarp mei goed 1.000 ynwenners is dochs wol bysûnder. Yn Eanjum is it fan freed ôf doarpsfeest. It wurdt mar ien kear yn de fjouwer jier holden, mar der wurde tûzenen minsken ferwachte.

Neffens foarsitter fan de Oranjeferiening Bouwina van Dellen wiene der tondersdei 57 weinen by de organisaasje bekend. "Mar neffens my hawwe juster de lêste ploegen noch in opjefte dien, dus dat tal kin noch wat oprinne," seit sy. Yn de kantine fan de fuotbalferiening oan de Mounebuorren komt de organisaasje byinoar. "Wy hawwe alles yn de macht. Wy wurkje mei draaiboeken, sa't eltsenien wit wat der barre moat."

De fersierde weinen binne makke yn it tema: film, musical en teäter. Bestjoerslid Egbert Anne Andringa is optein oer de bou. "Wy hawwe der as bestjoer al efkes by del west, it sjocht der wier ge-wel-dich út. Fan lyts ta grut, tal fan ûnderwerpen: it is in plaatsje."

Bouwina van Dellen en Egbert Anne Andringa fan de Oranjeferiening

Andringa leit út dat der trije kategoryen binne: de buertferieningen, losse opjeften en weinen fan de jongerein. Boeren yn de omkriten fan Eanjum stelle harren loadsen beskikber. "Ik haw foto's sjoen fan hiemen dêr't de auto's fan de bewenners yn de berms stean moatte, safolle weinen binne der op it hiem. Der wurdt op sa'n lokaasje mei fyftich man wurke oan miskien wol fiif of seis weinen."

Der komme in soad minsken op de optocht ôf. Andringa: "Fjouwer jier lyn wiene it mear as 3.500 minsken. Op sneon stiet der bûten Eanjum al in file om't minsken besykje in parkearplak te finen."

Neffens in ynwenner fan it doarp binne der weinen dêr't wol 10.000 euro oan útjûn is. Der wurdt ek sjoen nei de omlizzende doarpen en harren optochtweinen. It iene doarp wol it oare te boppe gean.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld sjocht by in fersierde wein nei de searje Das Boot

(advertinsje)
(advertinsje)