Waspik huldiget syn Alvestêdetochtswimmer Maarten van der Weijden

28 jun 2019 - 08:59

Maarten van der Weijden wurdt freedtejûn yn syn wenplak Waspik huldige, fanwege it swimmen fan de Alvestêdetocht it ôfrûne wykein. De swimmer wurdt op in platte wein rûnriden troch it doarp.

Foto: Casper van Aggelen

"Een held moet op de platte kar door het dorp. Of dat letterlijk een platte kar, een luxe auto of trekker met aanhangwagen wordt, zien we nog wel", seit boargemaster Nol Kleijngeld fan de gemeente Waalwijk by Omroep Brabant.

By syn foarige Alvestêdetocht wie de huldiging yn Waalwijk, it haadplak fan de gemeente dêr't Van der Weijden wennet. Dat wie omdat der neffens de gemeente net genôch romte wie foar in massale huldiging yn Waspik. De gemeente tinkt lykwols dat it dit kear wol wat tafolle sil mei de drokte.

De tocht einiget freedtejûn by it mienskipshûs yn Van der Weijden syn wenplak. "Op en top Waspiks", neffens de boargemaster.

(advertinsje)
(advertinsje)