Kollum: "Maarten"

28 jun 2019 - 08:21

"Foar alle minsken dy't sa wurch wiene fan Maarten; ik hoopje dat jim goed sliept ha en neat fan syn fantastyske prestaasje meikrigen hawwe. Want ast fan tefoaren al flau fan him wiest, dan wie it grif in hiele opjefte om dy fjouwer dagen troch te kommen. Maarten wie oeral en hy hat neffens my in ûnminsklike prestaasje delsetten.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Wy sieten de sneins om fiif oere middeis al klear yn Alde Leie mei de famylje, want myn âlderlik hûs stiet sawat stiif tsjin de Alvestêderûte oan. It wie prachtich waar en it wachtsjen wie op Maarten. Doe't er in aardich ein ûnderweis wie, bin ik nei de slûs ta gien, want dêr soe er mei in kraan út it wetter tild wurde.

Ast dy man echt swimmen sjochst, besefst echt hoe spesjaal it is! It is in pracht dat it sa goed te folgjen wie op 'e televyzje, mar in byldskerm is dochs oars as de master sels yn aksje sjen. It is suver spannend ast op him sitst te wachtsjen. Fol ferwachting kloppe myn hert as dat fan in lyts bern dat Sinteklaas ferwachtet.

Doe't er mei de kraan oer wie en wer yn it wetter lei, draafde ik gau nei hûs. Hy swom in pear meter foar my del en doe't er Alde Leie út wie, stuts er de hân op. Dêrnei gong de reis fierder, troch wat er neamde 'de hel fan it Noarden', mar in rige trekkers gong mei him mei en in soad minsken hawwe him ek noch in moai skoft folge. It wie sa drok yn Alde Leie, miskien hast wol drokker as mei de echte Alvestêdetocht.

Dy ha ik dêr trije kear meimakke en soks ferjitst nea wer. En wylst wy noch efkes gesellich neisieten en troch de drokte dochs net in kant út koene, betocht ik my dat we der miskien wol in simmerevenemint fan meitsje kinne. De winters stelle amper mear wat foar, mar de sfear omtrint 'de Tocht der Tochten' is yn 'e simmer like moai.

Stel datst in wike de tiid krijst om de Alvestêdetocht te swimmen en hoechst him net iens hielendal út te swimmen. Kinst foar ien stimpel gean of mear. Soest der in wedstriidelemint yn dwaan kinne foar de topswimmers en Maarten kin ús eksakt fertelle wat we wol en net dwaan moatte. Mei 'we' bedoel ik mysels net hear, want ik bin net sa'n wetterrat. Op sa'n grutte rôze flamingo soe 'k my noch wol in moai ein ferpleatse kinne, mar dan moat it al minimaal in graad as 25 wêze.

We binne net allegear like sportyf fansels, mar in topsporter hat ek stipe nedich fan it gewoane folk en Fryslân is sa sprankeljend yn 'e simmer. In wike lang de swimtocht op 'e televyzje yn in provinsje dy't út elkoar barst fan entûsjasme en positive enerzjy; ik sjoch it eins wol hielendal sitten en ik tink dat der genôch grutte idioaten binne dy't der oan mei dwaan wolle.

In topsporter hat útdaging nedich en dat kin Fryslân wol biede. It tilt hjir op fan de frijwilligers dy't alles wol dwaan wolle om te helpen en Maarten hat sjen litten dat it kin. No ja, dat hy it kin! Mar ik tink al dat hy dêrtroch oaren ek stimulearret no 't er it ûnmooglike mooglik makke hat. En ast it de earste kear net hellest, meist it bêst noch in kear besykje, dochs?

Leave Maarten; 195 kilometer swommen yn fjouwer dagen en we ha dy net ien kear seuren heard. Dus as der ien is dy't sizze kin dat er wurch is, dan bist it neffens my sels!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)