Metalfestival Dokk'em Open Air nei trije jier wer werom

28 jun 2019 - 08:00

De fans ha der trije jier op wachtsje moatten, mar kommend wykein is it metalfestival Dokk'em Open Air wer werom. Yn 2016 wie de lêste edysje. De organisaasje laske in pauze yn, omdat se it nei alve edysjes yn fjirtjin jier tiid fûnen foar in jier rêst. Dit wykein wurdt lang om let de tolfde edysje fan it festival organisearre.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

Ofrûne tongersdei, in dei foar de offisjele start fan it festival, wie der al in foarpriuwke mei de band Monsters of Rock'em. "It wie hartstikke drok. We hiene net tocht dat it sa drok wêze soe", fertelt Inge Heslinga fan Dokk'em Open Air. "We hawwe tongersdei mear as 1.200 minsken op it terrein hân. It wie super gesellich. We moasten ek fuortendaliks al mear minsken oan it wurk sette."

Yn 2016 wie de lêste edysje fan it metalfestival. It wie doe de bedoeling dat it festival yn 2018 wer organisearre wurde soe. "We hawwe it sa drok hân privee. It binne allegear frijwilligers en dan is dit best wol in grutte opjefte om it neist it gewoan wurk of de famylje te dwaan."

Foto: dokkemopenair.eu

Der wie dit jier lykwols safolle fraach nei in nije edysje, fan muzykleafhawwers, mar ek út it bedriuwslibben wei. "Op in bepaald stuit koene we fan de gemeente wer it prachtige eveneminteterrein oan de Parkleane krije. Doe tochten we: as we dêr noch in festival organisearje kinne, dan geane we der noch in kear foar."

Der komme tsientallen ynternasjonale bands nei Dokkum, lykas de Deensk-Amerikaanske band King Diamond. "Dat is ien fan de grutste artysten dy't we ea hân hawwe. Dat is ien grutte show. Spesjaal foar dizze man hawwe we in grutter poadium kocht. It sjocht der spektakulêr út, it wurdt ien grut feest." Der komme ek bands út Dútslân, it Feriene Keninkryk, Sweden, Finlân, België, Eastenryk, Frankryk, Italië en fansels Nederlân nei it festival.

Inge Heslinga fan Dokk'em Open Air

(Advertinsje)
(Advertinsje)