Kaspersma Dokkum makket fjurrenhouten grêfkisten yn gearwurking mei DELA

28 jun 2019 - 07:09

It beslút fan útfeartfersekerder DELA om gjin spaanplaten grêfkisten mear te brûken, betsjut in flinke opstekker foar útfeartkistefabryk Kaspersma út Dokkum. Dat bedriuw is spesjalisearre yn it meitsjen fan grêfkisten en sil no it alternatyf oan DELA leverje. It giet dan om in kiste fan fjurrenhout, dy't folle miljeufreonliker is.

Minsken dy't fersekere binne by DELA, kinne tenei net mear in grêfkiste útkieze dy't makke is fan spaanplaat. Fan dizze simmer ôf wurde de kisten ferfongen troch fjurrenhout. Dat is minder belêstend foar it miljeu.

"Wy ha keazen foar hout, omdat wy dat folle better fine. Der sit minder formaldehyde yn de kist", seit direkteur fan it útfeartkistefabryk Peter Kaspersma. "Formaldehyde is in natuerlik gas, mar yn spaanplaat sit in hege konsintraasje fan dat gas. Wy hawwe sein dat we dêr wat oars foar útfine wolle."

In fjurrenhouten grêfkiste - Foto: Kaspersma Dokkum

De kisten fan fjurrenhout binne kwa priis gelyk oan dy fan spaanplaat. "Wy hawwe de kiste sa makke datst 'm foar deselde priis krije kinst. De measte minsken hawwe in natuerafersekering en dat betsjut dat sy in útfeart net yn sinten útkeard krije, mar yn tsjinsten. Se krije no fan DELA in houten kiste yn stee fan in spaanplaten ien."

Peter Kaspersma

It betsjut lykwols net dat de grêfkisten dy't makke binne fan spaanplaat út it assortimint ferdwine. "Salang't der fraach nei is, bliuwe wy se produsearjen. Allinnich besykje wy de minsken der wol fan te oertsjûgjen dat spaanplaat foar de lange termyn net helber is en dat wy oerstappe moatte nei hout yn it ramt fan duorsumens."

Hieltyd mear bewustwurding

De fraach nei spaanplaten kisten liket wol ôf te nimmen. "Wy fernimme wol hieltyd mear bewustwurding. Trochdat in grutte partij as DELA dizze wei ek ynslein is en ús derfoar útkeazen hat om der útfier oan te jaan, sjogge wy dat oaren stadichoan ek oergean. Mar der moat dochs ien de karre lûke."

Peter Kaspersma is tige grutsk op de gearwurking mei DELA. "Dit giet oer it miljoen hinne. Boppedat giet it om in oerienkomst fan minimaal tsien jier." It famyljebedriuw út Dokkum makket eltse wike sa'n 1.000 grêfkisten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)