Besikers ynformaasjejûn wiis mei helderheid oer Wynpark Fryslân

27 jun 2019 - 22:52

Besikers fan de ynformaasjejûn oer de oanlis fan Wynpark Fryslân binne wiis mei de helderheid dy't de organisaasje jûn hat. Der wie tongersdei in soad belanstelling foar de byienkomst yn Makkum.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It konsortium Zuiderzeewind liet sjen hoe't it park boud wurdt en it saneamde 'Omgevingsfonds' joech ek ynformaasje. Dit fûns stipet projekten yn de regio op it mêd fan wenjen, rekreaasje & toerisme, duorsume enerzjy en natoer & miljeu. It fûns hat sa'n 720.000 euro te ferpartsjen.

De sfear op de jûn wie benammen posityf. Nei it beslút fan de Ried fan Steat waard de oanlis definityf, mar Wynpark Fryslân sjocht it dochs as syn taak om omwenners geregeld te ynformearjen oer de gong fan saken. Ut reaksjes die bliken dat soks bot op priis steld wurdt: "Je kinne der hiel ferskillend oer tinke, mar no't it trochgiet fyn ik it moai dat dit transparant gebeurt", merkte in besiker op.

Wynpark Fryslân wurdt boud yn it Fryske part fan de Iselmar ticht lâns de Ofslútdyk by Breesândyk. It park betiet út 89 wynturbines dy't úteinlik sa'n 500.000 Fryske húshâldens fan stroom foarsjen moatte. Ein takom jier soe de earste mûne draaie moatte.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster wie op de ynformaasjejûn oer Wynpark Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)