Claudy Jongstra wint mei har parfum in Creative Heroes Award

27 jun 2019 - 22:39

Keunstner Claudy Jongstra út Spannum hat in Creative Heroes Award wûn mei har parfum Flower Fragrances. De priis waard har tongersdeitejûn takend op in byienkomst yn Amsterdam. Dêr krigen seis professionals út de kreative yndustry in award. It wie foar de twadde kear dat de Creative Heroes Awards útrikt waarden.

Claudy Jongstra - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Jongstra wie mei fjouwer oaren nominearre yn de kategory '1:1.000.000 Award', bedoeld foar projekten mei impact op lanlike skaal. It parfum dêr't se de priis mei wûn, lansearre se dizze maaitiid. It giet om in folslein biologysk parfum, op basis fan bijewaaks.

De Creative Heroes Awards geane nei minsken dy't in belangrike rol spylje yn de kreative yndustry. Dizze yndustry is neffens de organisaasje in oanjager fan ynnovaasjes en leveret sa in belangrike bydrage oan it oplossen fan maatskiplike fraachstikken.

De sjuery foar de priis bestie út leafst 16 minsken. De 300 minsken dy't by de útrikking oanwêzich wiene, keazen út de seis winners ek noch in 'Super Hero'. Dy priis gie net nei Claudy Jongstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)