Nije rioelearring moat ein meitsje oan wetteroerlêst yn Winsum

27 jun 2019 - 22:21

In diel fan Winsum krijt nije rioelearring. Dat moat der foar soargje dat bewenners fan de Kleasterdyk gjin wetteroerlêst mear hawwe by flinke reinbuien. Ek soarget lekkaazje fan de buizen foar it fersakjen fan in kuierpaad.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Fan moandei ôf wurdt earst in ekstra ôffier foar reinwetter makke, yn augustus wurdt it besteande rioel ferfongen. De gemeente Waadhoeke hat 90.000 euro beskikber steld foar de wurksumheden.

(advertinsje)
(advertinsje)