Undersyk soe antwurd jaan moatte op mûzemystearje by De Hommerts

27 jun 2019 - 22:09

Wêrom stoarte al dy mûzen harsels te pletter by it akwadukt yn de Jeltesleat by De Hommerts? Undersyk soe dêr in antwurd op jaan moatte, want deskundigen hawwe no noch gjin idee fan de oarsaak. Mar wa betellet dat?

Foto: Kappers Media

De lêste dagen stoarte hûnderten mûzen by it akwadukt nei ûnderen en de measte falle te pletter op de ûnderlizzende dyk. Mei it each op in eventueel ûndersyk wurde alfêst deade mûzen opslein yn in friezer.

Der moat ûndersyk komme nei it mûzemystearje, stelt John Melis fan De Gordyk. Hy is ekologysk adviseur en koördinator fan Zoogdierwerkgroep Friesland. "Er wordt op dit moment gekeken hoe dat ingestoken moet worden, wie dat betaalt en wie het kan uitvoeren." Gewoanwei is de gemeente faak ferantwurdlik foar it algemien bistewolwêzen, bygelyks as der deade stikelbarchjes ophelle wurde moatte. "Maar het is natuurlijk heel raar om in een buitengebied daar meteen de gemeente de rekening van te presenteren", seit Melis. "Er is ook geen probleemeigenaar."

Melis hat sels ek gjin idee wêrom't de mûzen delstoarte. "Het lijkt er gewoon op dat die muizen om een of andere reden van de ene kant naar de andere kant willen en bij de rand niet stoppen, wat ze normaliter zouden moeten doen, maar gewoon doorlopen. Beneden vallen ze dan dood, raken ze gewond of lopen ze weer door. Maar daar komen ze dus fietsers, auto's en brommers tegen."

John Melis fan Zoogdierwerkgroep Friesland oer it ûndersyk

Trefwurden: 
De Hommerts mûzen Jeltesleat
(advertinsje)
(advertinsje)