Raad van State fynt direkte maatregels foar beskerming feangebiet Nij Beets net nedich

De gemeente Opsterlân en de provinsje Fryslân hoege net direkt maatregels te nimmen om foar te kommen dat wetter út lânbousleatten it feangebiet fan Nij Beets ynstreamt. Dat hat de Raad van State bepaald.
It gebou fan de Raad van State yn Den Haag © Wikipedia, Creative commons
Neffens in omwenner soene de dongstoffen yn it sleatswetter neidielich wêze foar de natuer yn it feangebiet. Earder krige se dêryn stipe fan de rjochtbank, mar de gemeente en provinsje tekenen beswier oan tsjin dat beslút en krije no gelyk fan de Raad van State. Dy wol letter dit jier noch wol besjen oft der echt gjin natuerskea ûntstiet yn it feangebiet.