FrieslandCampina set útein mei fûns foar greidefûgelbehear

27 jun 2019 - 20:50

Boeren dy't stipe sykje foar greidefûgelbehear kinne dêr jild foar krije fan FrieslandCampina. De suvelkoöperaasje set útein mei in fûns dêr't boeren mei in goed plan foar greidefûgelbehear in berop op dwaan kinne. Dat is tongersdei bekend makke troch FrieslandCampina-topman Hein Schumacher op it sympoasium Friese burgers voor Friese boeren yn Ljouwert.

Topman Hein Schumacher fan FrieslandCampina op ôfskiedssympoasium fan boargemaster Ferd Crone - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De Stichting Versterking Weidevogelgebieden, sa't it fûns hjit, is opset yn gearwurking mei it agrarysk kollektyf BoerenNatuur en de fûgelbeskerming.

Boeren dy't in goed plan hawwe foar greidefûgelbehear kinne in berop dwaan op de stichting foar in ekstra bydrage. It jild hjirfoar wurdt opbrocht troch klanten fan FrieslandCampina dy't greidefûgelbehear en maatskiplik ûndernimmen in waarm hert tadrage. Fia it fûns komt harren jild direkt by de boeren terjochte.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Wiebren van Stralen fan FrieslandCampina

(advertinsje)
(advertinsje)