Hoe ha Omrop-ferslachjouwers Maarten syn Swimalvestêdetocht belibbe?

Fryslân stie it ôfrûne wykein folslein yn it ramt fan de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden. Omrop Fryslân folge dat alles op de foet mei in maratonútstjoering fan 72 oeren lang. Mear as 70 meiwurkers wiene dei en nacht yn it spier om derfoar te soargjen dat de minsken thús alles meikrije koene: fan presintatoaren oant telefoanistes, fan social media-redakteuren oant kameraminsken. Wat kaam dêr allegearre by sjen? En hokfoar memorabele mominten sille ús ferslachjouwers no wier net ferjitte? Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Arjen de Boer fertelle hoe't sy Maarten syn Alvestêdetocht belibbe hawwe.
Johanna yn Kimswert
Johanna, do stiest yn Kimswert mei in frou te praten dy't har ferhaal yn triennen fertelde. Hoe hasto dat meimakke?
"Ik wie krekt mei myn kameraman Theo yn Kimswert oankaam by de earste brêge dêr't Maarten ûndertroch swimme soe. Dêrfoar wiene wy yn Arum, dus we moasten hurd. Doe't ik krekt wer myn earke yn en de mikrofoan yn myn hân hie, frege de regisseur oan my oft ik oer 40 sekonden live koe. 'Eh, fansels!', wie myn reaksje. Ik hie nammentlik al fjouwer froulju op de brêge stean sjoen, dy't ik al koart sein hie dat ik se miskien foar radio wol wat freegje woe. Myn idee wie dat ik se gewoan oansprekke soe en wol sjen soe watfoar ferhaal der útkomme soe: net wittende dat der sa'n emosjoneel ferhaal útkomme soe.
Doe't de frou fuort al fol emoasje siet, wist ik: by dit ferhaal moat ik bliuwe. Ik fûn it sa bysûnder dat se har sa iepen en ek sa kwetsber opstelde. Dat rekke my persoanlik ek. Ik tocht noch: 'as ik net mear live op radio bin, dan jou ik har efkes in krûpke.' Ik woe ek graach sjen litte dat it my as mins wat docht. Foar my is it hiel wichtich om oan de persoan sjen te litten dat ik net allinnich in ferhaal bring en dat har pine en emoasje my rekket. Sadanich dat ik it sels ek net mear hie en myn triennen net tsjinhâlde koe: it wie moai en tryst tagelyk. Ik bin hiel tankber foar dat momint. Ik tink dat ik de frou út Kimswert nije wike ek wer efkes opsykje. Om har te betankjen en te freegjen wat sy fan alle oandacht meikrigen hat."
Wat wolsto it publyk mei sa'n ferhaal sjen litte?
"Op sa'n momint wol ik oan it publyk sjen litte dat je as minsken hiel ticht byinoar komme en dat wy as ferslachjouwer tichteby de minsken steane. It oerweldigjende tal reaksjes rûnom yn de provinsje en sels dêrbûten die my goed. It is moai om te sjen dat in soad minsken it ferhaal meikrigen hawwe. Der siet sels in stikje yn de lanlike TV-programma's 'EenVandaag' en 'M'. Neffens my is dat foar ús as Omrop hiel moai: in ferhaal giet fierder as de provinsjegrinzen, om't it elkenien oansprekt. Taal of gebiet makket dan neat út."
Johanna jout in krûp © Omrop Fryslân
"Ik krige berjochten fan kollega's, mar ek fan minsken dy't it sjoen of heard hawwe en fan sjoernalisten bûten Fryslân. Op social media waard it in soad dield. Minsken joegen oan dat se fûnen dat de frou dy't ik ynterviewde gelyk hie en dat it moaie wurden wiene. Sels haw ik ek kompliminten krigen, mar dat fyn ik minder wichtich. It is myn wurk en it giet om har ferhaal. Al bin ik der fansels wol wiis mei."
Hokker bydrage is dy it meast bybleaun?
"Dat ferhaal yn Kimswert is my wol it meast by bleaun, mar dêrneist wie alles moai om te dwaan. Yn in tsjinst spruts ik om 4.00 oere moarns yn Skettens mei André Buwalda. De eigener fan it hûs dêr't Maarten slepte. Hy fertelde hoe't hy mei freonen en famylje siet te wachtsjen op Maarten mei in buorreltsje yn 'e tún. Dat er sa ferrast wie dat Maarten en de folchboaten by him sliepe woene. Ik woe him graach ynterviewe, mar om't Maarten fierderop wie, moast ik wol troch om ferslach te dwaan.
It ferhaal fan André bleau by my yn de holle sitten, dus ik gong wer nei him ta. Doe't ik dêr oankaam wie alles ticht en tsjuster. Brutaal haw ik dochs midden yn de nacht oanbelle. Syn frou kaam mei de holle ta it rút boppe om te sjen hokker idioat der oanbelle. Efkes letter kaam ek André derby. Dat wie sa moai! Ik haw dat noch nea earder foar myn wurk dien, minsken út de sliep helje. André woe dochs noch wol prate en hat de klean oandien foar in prachtich ynterview. Ik moat sizze dat de magy fan de nacht hearlik wie. Ik haw ek noch nea earder tsjin safolle kollega's 'goeienacht' sein. O, en nei myn shift haw ik net mear slept..."
Hoe wurdsto as ferslachjouwer ûntfongen op lokaasjes en hast it programma ek folge doe'tst frij wiest?
"Altyd hiel goed! Minsken binne entûsjast, fine it altyd moai dat wy delkomme. Ik meitsje graach in praatsje en fyn it moai as minsken sels ek by my komme om wat te fertellen. De strjitte op gean, nei eveneminten ta en oeral minsken oansprekke, fyn ik it moaiste om te dwaan. Lekker neat produsearje, gewoan mar sjen watst tsjinkomst. Ik fûn it hearlik om te dwaan! Mar ek om nei de oare kollega's te sjen. Ik ha safolle mooglik online alles folgje. De blogs, mar ek de livestream. Sels yn de auto op myn display op wei nei it wurk. Elkenien hat geweldich syn bêst dien. Ik bin grutsk op al myn kollega's foar al it hurde wurkjen en op ús as Omrop, want wy ha wer it bêste fan ús sjen litten."
Arjen by finish fan Maarten by de Grutte Wielen
Arjen, do diest ferslach fan Maarten syn finish by de Grutte Wielen. Hoe hasto dat belibbe?
"Om't ik normaal sprutsen benammen efter in tafel út de studio wei gasten ynterview, fûn ik it superleuk om wer ris op lokaasje te presintearjen. En dan net fantefoaren alles út en troch trochnimme, mar in hiel soad ymprovisearje.
By de finish wie it razend drok. Wy stiene mei in hiel soad oare kameraploegen yn in parsefak. Allinnich de NOS hie frijbaan, sy hoegden net yn dat parsefak te stean. Op it momint dat Maarten oankaam, wie it echt gaos. Doe sakken wy ek noch troch it terras: de flonder koe al dy minsken net oan. Dat snap ik wol. It hat dêr noch nea sa drok west as doe!
Foar in soad minsken wie de finish in emosjoneel momint. Ik koe it sels gelokkich wol drûch hâlde, oars hie ik net ferslach dwaan kinnen. Wat Maarten van der Weijden dien hat is ûnfoarstelber, it wie in fantastysk evenemint en ik bin grutsk dat ik dêr in hiel lyts partsje diel fan útmakke ha. Fantefoaren witte je fansels net wat je allegearre tsjinkomme, mar ien ding wisten wy wol: elkenien is entûsjast. As je dan letter hearre dat mar leafst 1 miljoen minsken nei Omrop Fryslân sjoen hawwe... Dat is dochs machtich moai!"
Wat silsto no wier net ferjitte?
"De nacht fan snein op moandei sil ik net gau wer ferjitte. Ik moast om 22.00 oere úteinsette oant 7.00 oere moarns: de nacht troch, dus. Wy wiene noch mar krekt begûn en doe soe Maarten sliepe. Fjouwer oeren lang! En dan moatte je wat betinke, midden yn 'e nacht by Bartlehiem. Wy hawwe doe twa manlju mei in boatsje oansprutsen en frege oft wy in stikje mei se meifarre koene op syk nei Maarten. Doe kamen der yn de studio allegearre berjochten fan publyk binnen: 'Arjen sil Maarten dochs net écht wekker meitsje?!' Nee hear, fansels doch ik dat net. It soarge wol foar wat opskuor. Dy twa manlju mei it boatsje binne de hiele nacht by ús bleaun, it wie hiel gesellich."
Hoe wie it mei dy steld nei dyn tsjinsten?
"Wy ha yn it foar keazen om alle dagen 24 oeren lang ferslach te dwaan fan Maarten syn tocht. Wy wiene der hieltyd by. De NOS wie der fansels ek, mar net altiten live, wy wol! Se fregen harren somtiden ek by de NOS ôf, hoe't it koe dat wy oeral by wiene. Dat is echt in grut komplimint foar de manlju fan de technyk. Ik ha alle dagen wurke, mar ik ha net in momint wurch west. Dat kaam pas tiisdei. Krigest safolle enerzjy fan sa'n evenemint. It hat sa'n positive útstrieling en dat strielet ek ôf op de Omrop."
Omrop Fryslân hat alle rekôrs brutsen mei de non-stop útstjoering fan de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden. Hast in miljoen minsken hawwe nei de Omrop sjoen en de online kanalen lutsen goed in miljoen besiten. Ut de hiele wrâld wei streamden de berjochten binnen. Op it hichtepunt fan de live-útstjoering op telefyzje moandeitejûn seagen der likefolle minsken nei de Omrop as nei bygelyks NPO3.