Kolleezje Waadhoeke: gau wurk meitsje fan húsfêsting arbeidsmigranten

De gemeente Waadhoeke moat rap oan de slach om arbeidsmigranten ûnder dak te krijen. Dat wolle boargemaster en wethâlders. Se stelle de gemeenteried foar om alle advizen oer te nimmen dy't in spesjale wurkgroep jûn hat. Dy wurkgroep hat him de ôfrûne tiid ferdjippe yn de situaasje mei de bûtenlânske wurknimmers yn de gemeente en wêr't dy wenje moatte.
Kassen tusken Easterbierrum en de seedyk © Omrop Fryslân
Neffens de wurkgroep is it ferstannich om yn elk doarp net mear as ien persint arbeidsmigranten op te nimmen. En yn ien strjitte net mear as tsien persint. Sa moat de leefberens yn doarpen en wiken garandearre wêze. Arbeidsmigranten dy't hjir lang bliuwe, soene yn de doarpen húsfeste wurde kinne. Minsken dy't mar koart bliuwe, soene op it terrein fan har wurkjouwer wenje kinne, oan de râne fan doarpen en wiken.
It kolleezje fan B en W freget de ried om 275.000 euro beskikber te stellen om al dizze maatregels trochfiere te kinnen. Ien fan de earste dingen dy't barre moatte soe, is om ôfspraken op papier te setten, seit it kolleezje. En der soe in koördinator húsfêsting en yntegraasje arbeidsmigranten komme moatte.
Kommende tiisdei praat de ried deroer yn in spesjale byienkomst. Twa dagen letter soe der in beslút naam wurde moatte.