Post besoarget Alvestêdekrúske by Maarten van der Weijden

27 jun 2019 - 20:45

"Wow wat enorm bijzonder", dat meldt Maarten van der Weijden op Twitter oer it Alvestêdekrúske dat er mei de post tastjoerd krigen hat. It krúske komt fan Cees, sa falt op in foto fan de begeliedende brief te lêzen, dy't yn 1986 de Alvestêdetocht riden hat. Cees fynt de prestaasje fan Maarten folle grutter as syn eigen en jout dêrom syn krúske oan de swimmer.

Foto: Anton Kappers

"Het was mooi zonnig weer en er was maar weinig wind", sa skriuwt Cees yn de begeliedende brief oer de tocht fan 1986. "Het was eigenlijk een makkie. Dus kijkend waar jij mee bezig bent, vind ik dat jij dit Kruisje veel meer toe komt".

Ut de brief falt op te meitsjen dat Cees yn Woudrichem wennet. Hy hat ek syn achternamme ûnder de brief set, mar dy hat Maarten foar de foto bedutsen mei it krúske.

Net de iennichste

Cees is net de iennichste dy't fynt dat Maarten in Alvestêdekrúske fertsjinne hat mei syn swimtocht dit wykein lâns de alve stêden. Tsientallen minsken reagearren op de meidieling fan feriening Friesche Elf Steden dat har krúske allinne bedoeld is foar minsken dy't de tocht op redens dien hawwe en dat se foar Maarten gjin útsûndering meitsje woene.

Sa melde John Jansen út Oosterhout him by Omroep Brabant (Maarten wennet yn dy provinsje) mei de meidieling dat er syn Alvestêdekrúske oan Maarten skinke woe. John ried de tocht yn 1997: "Hij ligt hier nu 22 jaar, en ik geef m'n kruisje echt graag aan Maarten. Dat verdient hij, want is het echt een superprestatie", seit er tsjin Omroep Brabant.

Maarten is net op dat oanbod yngien: "Als ik iets zie wat me raakt of waar ik van onder de indruk ben, kan ik me dan voorstellen dat ik mijn olympische medaille aan diegene zou geven? Dat vind ik dan gek", sa sitearret Omroep Brabant him.

Cees hat Maarten blykber gjin oanbod dien, mar it krúske mar gewoan tastjoerd. "Ik geef het met heel veel liefde aan je. Alsjeblieft!"

(advertinsje)
(advertinsje)