Nije oplieding Friese Poort: Smart Energy, foar ynstallaasjetechnyk

ROC Friese Poort komt mei in nije oplieding om jongeren op te lieden foar de ynstallaasjetechnyk: Smart Energy. De skoalle wurket dêrfoar gear mei tolve ynstallaasjebedriuwen.
ROC Friese Poort © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ynstallaasjebrânsj sit te springen om goed oplaat personiel. Dan giet it om minsken dy't doel ha oer ynnovative techniken yn kombinaasje mei elektrotechnyk en ICT. Der is ferlet fan minsken dy't bygelyks witte hoe't sinnepanielen en waarmtepompen ynstallearre wurde moatte. Want der wurde hieltiten mear huzen boud dêr't dy op en yn komme.
De studinten dy't foar de nije oplieding kieze, wurde yn har tredde jier trainee by ien fan de ynstallaasjebedriuwen dêr't de Friese Poort mei gearwurket. De kâns op in fêste baan dêrnei is grut, sizze beide partijen.