Feestlike ôfsluting fan Streekwike: "Ik sil fan no ôf mear lokaal iten helje"

27 jun 2019 - 18:32

De biologyske supermerk 'Bio bij Jansen' yn Ljouwert organisearre tongersdeitemoarn in moarnsbrochje mei lokale produkten en ferskillende lokale inisjatyfnimmers fersoargen middeis in lunch yn de greide by Jorwert. It is allegearre ûnderdiel fan de ôfsluting fan de Streekwike.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Yn dizze wike wie der ekstra omtinken foar lokale produkten. De Streekwike is in inisjatyf fan 'Eetbaar Fryslân'. Op ferskate plakken yn de provinsje wie der fan alles te belibjen: fan priuwerijen en rûnliedingen oant lêzingen.

Soad ferlet

By 'Bio bij Jansen' fernimme se dat der ferlet is fan lokale produkten. It is somtiden noch in hiele toer om de lokale produkten yn de winkel te krijen. "Ik kan niet de hele dag rond gaan rijden om alles te gaan halen", fertelt Greet Jansen, eigener fan de winkel. Faak wurdt it troch de boeren sels brocht. Fierder siket se by de gruthannel sa folle mooglik lokale produkten út, as dy der binne. "Wij bestaan nu drie jaar en het is voor ons zoeken en soms vinden mensen ons."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by in moarnsbrochje mei streekprodukten

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Om de Streekweek of te sluten wie in spesjale lunch organisearre yn de greide by Jorwert. Mei sûkerbôle, aaien fan Fryske hinnen en brea út eigen mole waard besocht konsuminten entûsjast te meitsjen foar lokale produkten. "We hawwe mei in pear fan ús lokale produsinten kontakt hân en dat liket hiel posityf", sa seit Simon Bijlsma fan de organisaasje. "Der hat bygelyks in túnfeest yn Sibrandabuorren west dat 300 minsken oer de flier hie. Dat wie in grut sukses."

Konneksje tusken boer en konsumint

Bijlsma: "De Streekweek stiet yn it teken fan alle ynwenners fan Fryslân en dêrbûten kennis meitsje litte mei de prachtige Fryske produkten. De konneksje tusken de boer en minsken dy't harren produkt ite, is hiel wichtich." Dat slagge aardich, want Bijlsma krige in soad reaksjes. "Der binne in protte Friezen dy't graach yn 'e kunde komme mei lokale produkten."

De lunch yn de greide wie in grut sukses, sa die bliken út de reaksjes fan minsken. "It iten is hearlik, de smaak is folle sterker", fertelt yn frou entûsjast, wylst sy in quiche fuortwurket. "Ik tink echt dat ik faker nei in lokaal bedriuw of boer sil, om myn iten te heljen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by de lunch yn Jorwert

Takom jier wer?

De Streekwike waard dit jier foar de twadde kear op rige organisearre, mar dêr bliuwt it net by as it oan Bijlsma leit. "We hoopje dat der in tredde kear komt, sadat der takom jier in noch gruttere ferzje komme kin. It idee is dan om de konsumint noch tichter by de boer te bringen en op gruttere skaal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)