Crone presintearret molkeplan op ôfskiedsseminar: twa sinten mear foar produkt

27 jun 2019 - 17:52

Boargemaster Crone fan Ljouwert wol dat boargers in pear sinten mear foar molkeprodukten betelje. De opbringst moat stoart wurde yn in fûns foar Fryske boeren. Crone wol dat dit jild in bydrage leveret oan ferbettering fan it bioferskaat en de lânskipskwaliteit yn ús provinsje. Hy presintearre de plannen op in seminar ta eare fan Crone syn ôfskied as boargemaster.

Op it seminar mei de namme 'Fryske boargers foar Fryske boeren' wiene ferskate kopstikken út de suvelwrâld de gast. Ien fan harren wie Hein Schumacher, de topman fan Friesland Campina. Hy sjocht de plannen wol sitten. "De burgemeester raakt een fundamenteel punt: je moet de waarde terugbrengen naar degene die de waarde voor de natuur schept."

Moatst it wol goed útlizze oan de konsumint, seit Schumacher: "Je draagt bij aan het Friese landschap, aan de biodiversiteit, aan de vogelbescherming. Dat zijn thema's waar de consument best bereid is om een bijdrage te doen. Dus op zichzelf zijn we niet tegen."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Crone sels fernimt ek dat minsken it wol sitten sjogge. "Allerlei mensen zeggen dat er zo iets moet gebeuren. We kunnen het niet allemaal door alleen de boeren laten oplossen. We moeten ze ook betalen als ze maatregelen nemen." Neffens Crone soe der in grien stikkerke op de produkten komme moatte dy't oanjouwe datst 2 sint mear betellest. In fûns moat dat dan wer útbetelje oan de boeren.

Benaud dat minsken de provinsjegrins oergean om dan earne oars molke te keapjen, is Crone net. "De prijs van voedsel is al lager dan 10 jaar geleden. Het is slechts een kleine handeling, maar dan heb je toch iets goeds gedaan."

Ferd Crone en Hein Schumacher

(Advertinsje)
(Advertinsje)