Fuort út Ferwert: "Ik hie hjir nea út mysels fuortgien"

27 jun 2019 - 17:50

It binne de lêste wiken fan it Dockinga College yn Ferwert. As de simmerfakânsje begjint, slute de doarren foargoed. Yn dizze lêste wiken folgje wy meiwurkers en skoalbern. Dizze kear is dat Andrea Raap, al mear as tsien jier dosint Nederlânsk oan de skoalle.

Andrea Raap wurket al 13 jier op de skoalle yn Ferwert. Nei har LIO-staazje mocht sy der bliuwe en se hat har altyd mei in soad plezier ynset foar de skoalle. "Ik haw hast alle bern yn de klasse hân en ken se alle 127. Ik hie hjir nea út mysels fuortgien, want ik fyn it hjir geweldich. Dat lytse is just de grutste krêft fan de skoalle, want wy hawwe omtinken foar elkenien."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Besjoch ek eardere berjochten út de rige Fuort út Ferwert:

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)