Minsken siik nei swimmen yn wetter by Grou: spuie, mislik en diarree

Ferskate minsken binne siik wurden nei't se swommen ha yn en by de Blikpôle yn Grou. De GGD Fryslân hat benammen meldingen krigen fan sike bern. Se ha lêst fan mislikheid, moatte spuie en ha yn guon gefallen diarree.
© Google Street View
De measten dy't no siik binne, ha ôfrûne wykein of begjin dizze wike yn de Blikpôle swommen. Dat is gjin offisjeel swimwetter, al lit de gemeente Ljouwert it wol alle twa wiken kontrolearje. Der jildt yntusken in negatyf swimadvys foar de Blikpôle.

Firus of baktearje

Op it stuit dogge GGD Fryslân en it wetterskip ûndersyk nei de oarsaak fan de syktegefallen. De GGD tinkt dat it komt troch in firus of in baktearje yn it wetter.
De measten klachten dy't kaam binne troch it swimmen yn de Blikpôle, geane sa wer oer, neffens de GGD. Wa't langer klachten hat, moat him melde by de húsdokter.