Universiteiten fan Grins en Wageningen sille gearwurkje yn Ljouwert

De Ryksuniversiteit fan Grins en de universiteit fan Wageningen geane in gearwurking oan yn Ljouwert. De gearwurking op it mêd fan bioferskaat moat plak fine op de campus fan de RUG yn de Fryske haadstêd. Dat sei Jouke de Vries, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de RUG, tongersdei by it ôfskied fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Hoe de gearwurking der krekt út komt te sjen, moat noch útwurke wurde, seit De Vries. Hy wol fierder gjin taljochting jaan op de plannen. Dêr is it noch te betiid foar, seit hy. De Vries is de betinker fan de fêstiging fan de RUG yn it âlde Beursgebou fan Ljouwert.