Auto brânt folslein út op de A32

27 jun 2019 - 17:02

Op de A32 yn de rjochting fan It Hearrenfean is tongersdeitemiddei in auto folslein útbrând. Dat barde ta hichte fan Aldeholtwâlde.

Foto: ProNews

De brânwacht wie rap te plak, mar koe de auto net mear rêde. De bestjoerder fan de auto koe op tiid nei bûten komme en rekke net ferwûne.

Hoe't it kin dat de auto yn 'e brân fleach, is net bekend.

Trefwurden: 
autobrân A32 Aldeholtwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)