Marjan van der Weij is nije gemeentesekretaris Opsterlân

27 jun 2019 - 16:50

Marjan van der Weij is fan 1 septimber 2019 ôf de nije gemeentesekretaris fan de gemeente Opsterlân. Se is de opfolger fan Koen van Veen, dy't sûnt maaie 2019 by de gemeente Soest wurket. Van der Weij is no noch yn tsjinst by de gemeente Grins.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik verheug mij enorm op de overstap naar de gemeente Opsterland. Een prachtig gebied met mooie opgaven voor de toekomst. Ik zie uit naar de samenwerking met het bestuur en de organisatie en heb veel zin om aan de slag te gaan in Opsterland!", seit de nije gemeentesekretaris Marjan van der Weij.

Boargemaster Ellen van Selm lit witte út te sjen nei de gearwurking mei Van der Weij: "We zijn blij dat we Marjan van der Weij aan boord kunnen halen zodat zij samen met ons, de gemeenteraad, onze medewerkers en de inwoners verder kan bouwen aan de toekomst van Opsterland."

(advertinsje)
(advertinsje)