Gemeente Achtkarspelen wol yn petear mei gaswinningsbedriuw Vermilion

27 jun 2019 - 16:15

De gemeente Achtkarspelen ferwachtet fan gaswinningsbedriuw Vermilion in bydrage oan de mienskip. Dat sizze boargemaster en wethâlders yn in brief oan it bedriuwk, wêryn't se oanjaan dat Vermilion net earlik west hat oer it mooglik brûken fan it saneamde 'fracking' by Koatstertille.

Foto: ANP

Yn de brief skriuwt it kolleezje fan B en W: "Een gesprek over de manier waarop u een bijdrage kunt leveren aan de samenleving van Achtkarspelen lijkt ons een goede manier om de 'valse start' achter ons te laten en te komen tot een goede verstandhouding tussen de gemeente Achtkarspelen en Vermilion."

Neffens de gemeente hat Vermilion ferline jier by in rûnlieding oan gemeenteriedsleden sein dat der om Koatstertille hinne gjn sprake wêze sil fan it saneamde 'fracking'. Letter waard dat yn in offisjele brief fan it bedriuw nuansearre. Vermilion sei doe dat se oangeande fracking allinnich ferantwurding ôflizze hoege oan it Ryk.

Gjin ekskús

Fracking is in metoade fan hydraulysk kreakjen mei gemikaliën, om út de djippere grûnlagen gas helje te kinnen. Dizze metoade leit neffens de gemeente Achtkarspelen gefoelich by in soad riedsleden. Dêrom is der in offisjele brief oan de direksje fan Vermilion stjoerd.

Fierder sizze boargemaster en wethâlders dat se "deze gang van zaken betreuren omdat de gemeenteraad daardoor niet over de juiste informatie beschikte toen zij een besluit moest nemen over de huurovereenkomst met Vermilion. Het bevreemdt ons dat uit uw brief waarin wij geen enkele vorm van excuus terugvinden voor de onjuist verstrekte informatie een soort verwijt spreekt omdat de gemeente naar uw mening deze vraag over fracking niet had mogen stellen."

Ferfelende ferrassing

Yn april 2018 naam Vermilion de gaswinningslokaasje by Koatstertille oer fan de NAM. Dat barde neffens de gemeente, dy't eigener fan de grûn is, sûnder tastimming. De gemeente skriuwt dan ek net bliid te wêzen mei de gong fan saken. "De vestiging van Vermilion in Kootstertille in april vorig jaar vond plaats zonder de benodigde toestemming van de gemeente Achtkarspelen en daar komt deze onaangename verrassing met betrekking tot fracking nog bij. De komst van Vermilion heeft al met al voor de nodige beroering binnen de gemeente gezorgd."

(advertinsje)
(advertinsje)