Man feroarsaket ûngelok mei 210 kilometer de oere: boete fan 1450 euro

27 jun 2019 - 15:59

In man út Drachten hat in boete fan 1450 euro krigen, omdat er mei mear as twahûndert kilometer yn de oere op boppe-op in oare auto riden is. Boppedat hie er te folle dronken. De klap wie sa hurd dat de oare auto meardere kearen om syn as draaide. De bestjoerder rekke licht ferwûne, twa passazjiers kamen mei de skrik frij.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

De fertochte sei dat er spul hân hie mei syn freondinne en doe yn de auto stapt wie om nei in freon te gean. Sels tocht er dat er 140 ried. De boardkompjûter fan syn auto klokte 210.

De saak spile yn 2017. It CBR naam doedestiids it rydbewiis fan de man yn, omdat er begjinnend bestjoerder wie. Hy hat it oardel jier kwyt west. Foar it gefaarlik rydgedrach en it riden mei drank op krige de man de boete fan 1450 euro.

Trefwurden: 
ûngelok boete dronken
(advertinsje)
(advertinsje)