Lanlike primeur by Warkum: griiskopljip sjoen

27 jun 2019 - 15:31

Foar it earst ea is tongersdei yn Fryslân in griiskopljip offisjeel sinjalearre. De natuerlike habitat fan de fûgel is yn Japan, Sina en Sibearië. Yn Nederlân wie de ljip noch nea sjoen, oant Libbe Zijlstra fan Koudum him tongersdei yn de eardere Warkumermar seach, noardlik fan Warkum.

"Underweis nei myn wurk foel er op tusken de oare ljippen yn it fjild", seit Zijlstra. Hy seach it bist tongersdeitemoarn betiid. "It wie my net direkt dúdlik watfoar fûgel it krekt wie, mar nei wat sykjen kaam ik derefter."

Zijlstra seach de fûgel flak by de provinsjale dyk dy't lâns de Warkumermar rint. It gebiet is net frij tagonklik.

Foto: Jos Hooijmeijer

Earder waard de griiskopljip al wol sinjalearre yn Skandinavië, mar dus noch net yn Nederlân. Nei't Zijlstra him sinjalearre en ynfierde op waarnemingen.nl, binne tsientallen fûgelspotters nei de Warkumermar gien om de fûgel te besjen en fêst te lizzen.

Libbe Zijlstra oer it moment dat er de fûgel seach

(Advertinsje)
(Advertinsje)