Mantgum, Bitgum en Baard ek troch nei earste omloop IFK Jeu de Pelote

27 jun 2019 - 14:24

De partoeren fan Mantgum, Bitgum en Baard binne troch nei de earste omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Sy wûnen woansdeitejûn harren foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens.

Foto: Henk Bootsma

De iepeningswedstriid mei de tredde foarronde fan it 21e IFK wie tusken Mantgum en Burchwert. Nei in muoisume start wie it dúdlik wa't it sterkste partoer yn hûs hie. Mantgum wûn mei 8-3.

De twadde wedstriid fan de jûn wie net in spannende wedstriid: Bitgum wûn mei 8-0 fan it partoer út Lollum/Waaksens.

Yn de tredde en lêste wedstriid yn Easterlittens wûn it partoer út Baard mei 3-8 fan Wiuwert/Britswert.

Utslach foarrondes Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote 2019 oant no ta

Moandei Tiisdei Woansdei Tongersdei 18.30
Wommels Wjelsryp Mantgum Deinum of Hartwert
Menaam Grou Bitgum Boalsert of Dronryp
Winsum Stiens Baard Reahûs/Turns of Spannum

Fjirde dei fan de foarronden

Tongersdei gean de foarronden fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote wer fierder. Om 18.30 oere set de earste partij tusken Deinum en Hartwert útein. Dêrnei folgje de partijen tusken Boalsert en Dronryp en tusken Reahûs/Turns en Spannum.

It IFK 2019

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2019 dogge 28 teams mei. 24 dêrfan spylje op moandei 24 juny oant en mei tongersdei 27 juny yn de foarronden.

Freed 28 juny begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarronden en de fjouwer bêste teams fan ferline jier. De twadde omloop is op 2 en 3 july, in dei letter binne de heale finales. De finale is op freed 5 july.

Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)