UPDATE: treinferkear tusken Meppel en Steenwijk wer op gong nei oanriding

In frou is slim ferwûne rekke doe't se by it Drintske Nijeveen oanriden waard troch in trein. Troch de oanriding ûntstie der fertraging op it trajekt tusken Zwolle en Ljouwert.
In trein fan NS by de spoarwei © Shutterstock.com
De frou bedarre op it spoar, nei't se mei har boat tsjin de spoarbrêge fearn wie. Op it spoar waard se oanriden troch de trein.
Treinreizgers tusken Zwolle en Ljouwert rûnen fertraging op troch de oanriding. Dy fertraging wie letter oplost.