Neilittenskip fan Kulturele Haadstêd komt net fan 'e grûn

27 jun 2019 - 14:06

Kreativelingen yn Fryslân wrakselje nei it Kulturele Haadstêdjier om saken foar elkoar te krijen. De kulturele sektor hat foarich jier in flinke boost krigen fan LF2018, mar is dit bliuwend? Dizze soarch libbet hiel bot.

Op dit stuit wurdt der drok puzzele oer de legacy fan LF2018. Yn july sille alle plannen foar de kommende 1,5 oant 2 jier presintearre wurde. Dat liket lykwols wat let, want we sitte al op de helte fan it nije jier. "Se binne ek ôfhinklik fan it jild fan oerheden. Sa hat de provinsje pas yn novimber fan 2018 jild beskikber steld foar de legacy en doe koe pas úteinsetten wurde mei it meitsjen fan plannen", leit kultuerferslachjouwer Wendy Kennedy fan Omrop Fryslân út.

"Ferjit net dat de tarieding fan it Kulturele Haadstêdjier jierren koste hat. En de gemeente Ljouwert is op it stuit drok dwaande mei it skriuwen fan in nije kultuernota foar de kommende jierren."

Elk jier twa miljoen

Foar it ferfolch op de Kulturele Haadstêd hat de provinsje foar 2019 en 2020 elts jier twa miljoen beskikber steld. En der leit no in nij koälysjeakkoart, wêryn't oant en mei 2024 yn totaal 6 miljoen euro giet nei de legacy. "En dan te betinken dat de begrutting fan Kulturele Haadstêd 72 miljoen wie."

Der binne in soad projekten dy't jild ûntfange wolle. Bygelyks it mienskipsprojekt de LandschapsSymfonie yn Eastermar. Dat is in gearwurking tusken amateurs en professionals, eat dat we yn it Kulturele Haadstêdjier in soad seagen en wat bysûndere produksjes opsmiet.

De aftermovie op de Aldehou - Foto: Hoge Noorden

Janneke de Haan, regisseur fan LandschapsSymfonie, tinkt dat it stik gewoan trochgean sil. "Mar ik moat sizze dat it wol mear wurk kostet om dat fuort te setten. It is hartstikke hurd wurkjen om omtinken en jild te krijen foar dit soart projekten. Wylst it Kulturele Haadstêdjier sjen litten hat it hiel wichtich is en dat der prachtige dingen ûntstean kinne."

Budzjet

Neffens De Haan is it lestiger, omdat der gewoan minder jild is. "Der moat foar dit soart projekten in budzjet komme om dy dochs ûntstean te litten. As it allegear sa wrakseljen is, bin ik bang dat it asen net fuortset wurdt. Dan falle we eins werom op hoe't it wie foar it Kulturele Haadstêdjier.

Der wurdt sein dat no krekt it 'momentum' is om troch te pakken, om't it oars te let is. Wendy Kennedy: "Ik sjoch ek dat in soad jonge kreativelingen werom kaam binne nei Fryslân of hjir hingjen bliuwe. Mar ik tink wol dat der gau wat barre moat, omdat der oars in risiko is dat al dizze minsken doch wer fuortlûke."

Momint út de aftermovie - Foto: LF2018

Janneke de Haan

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de try-out fan de LandschapsSymfonie

(advertinsje)
(advertinsje)