Robots op NHL Stenden: hokker lit it aai falle?

27 jun 2019 - 13:57

In robot dy't in aai werkenne en ferpleatse kin. Dat presintearje studinten tongersdei op it NHL Stenden mei Robot Day. De 150 studinten ha de robots sels ûntwurpen en boud. Tongersdei moat blike hokker de bêste is.

Foto: NHL Stenden

De studinten ha in soad tiid stutsen yn de robots. Neffens begelieder en dosint Martin Molema ha se der alles foar oer om te winnen. "Ze zijn hier eigenlijk wel de hele dag van 8 uur 's ochtends tot 10 uur 's avonds om de laatste problemen op te lossen. Alles om de wedstrijd te winnen, dat is wel wat ze willen."

Begelieder en dosint Martin Molema oer hoefolle wurk oft de studinten hjirfan hân ha

De wedstriid hâldt yn dat de robot in aai sykje moat en yn in bakje dellizze moat. Dat alles sûnder bestjoerder. "De studenten krijgen een opdracht uit het echte leven", fertelt Molema. Ien fan de oare dosinten kaam dêrom mei it idee om in robot foar in pikeboer te meitsjen. Molema: "We geven de studenten dan de vrijheid om het probleem naar eigen invulling op te lossen."

Robots mei superkompjûter

Niels is ien fan dy studinten. "Wij gebruiken een mobiele telefoon als supercomputer. Die heeft een goede camera en zijn sterk tegenwoordig. Daardoor kunnen we het ei makkelijk herkennen."

Ek studint Jorunn hat mei syn groepke in robot makke. Hy fynt it projekt foaral hiel moai om te dwaan. "Wij werken samen met werktuigbouwkunde, elektrotechniek en ik ben zelf een ICT'er. Dat is leuk om de verschillende disciplines samen te zien werken en veel van elkaar te leren."

Studinten oer hoe't harren robots wurkje

Trefwurden: 
NHL Stenden studinten robot
(Advertinsje)
(Advertinsje)